Angoala

Angoala, sûnt 1992 de Republyk Angoala (dêrfoar de Folksrepublyk Angoala) is in lân yn Súdwest-Afrika. De haadstêd is Lûanda.

Lizzing

Angoala wurdt begrinzge troch:

Lânskip

Sjocht op de bergen fan Lubango.

Sintraal yn Angoala leit it Bié-plateau, in heechflakte dat op in hichte fan trochstrings 1.830 meter leit. By de kust rint it hommels ôf. In soad wyld wetterstreamen fine har wei nei ûnderen dy't foar de produksje fan hydro-elektryske enerzjy brûkt wurde. De wichtichste rivieren binne de Kwanza en Kunene.

It lânskip fan Angoala bestiet foaral út savanne, savannebosken en greiden. Yn it noardeasten binne lykwols ticht beboske falleien, dêr't in soad hurdhout kapt wurdt.

Neast Lûanda binne de wichtichste stêden fan it lân Huambo, Lobito, Benguela en Namibe.

Angoala waard yn 1483 ûntdutsen troch Diego Cao. Sûnt 1975 is it in ûnôfhinlike steat, dêrfoar wie it gebiet fan de 19e iuw ôf in Portegeeske koloanje. De namme Angoala is ôflaat fan de titel Ngola fan de hearsers fan it eartiidse keninkryk Ndong.

Al fan de ûnôfhinklikens ôf hat it lân hieltyd te krijen mei in boargeroarloch tusken UNITA en de MPLA. Yn 2001 wienen der om-ende-by 2,8 miljoen minsken op de flecht.

Befolking

In San-doarp

Angoala hat 12.263.596 (2007) ynwenners, dêr't likernôch in tredde fan yn de haadstêd Lûanda wennet.

It meastepart fan de befolking is fan Afrikaanske komôf en sprekt in Bantoetaal; de offisjele taal is lykwols it Portugeesk. Ovimbundu, Mbundu en Bakongo binne de grutste etnyske groepen, mar der binne ek in protte minsken fan in mingd ras. Eartiids wennen der in soad Jeropeanen yn it lân. Nei de Angoleeske ûnôfhinklikens fan Portugal hawwe de measten it lân ferlitten.

Religy

Ynlânske godstsjinsten oerhearsken; der is in roomsk-katolike minderheid en in lytsere protestantske minderheid.

Other Languages

Copyright