Foudgum

Foudgum
Flagge fan Foudgum Wapen fan Foudgum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Foudgum
Gemeente Noardeast-Fryslân
Ynwennertal (2004) 80
Webstee
Marijetsjerke anno 2010
De Marijetsjerke
De pastorije fan Foudgum

Foudgum is in terpdoarp dat sûnt 2019 yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel. Foudgum hat sa'n 80 ynwenners. It plak hat grutter west, mar ek hjir hat de ûntfolking fan it plattelân taslein. De Foudgumer terp (guon tinke oan trije terpen) is oanlein op in âlde kwelderwâl. De namme kin betsjutte: it hiem fan Folle, Foude, de Faldinga's of Foldinga's.

Neffens ûndersiken wurdt der wol tocht dat foar de earste spoaren fan bewenning oan de 9e iuw f.Kr. tocht wurde moat.

De earste tsjerke moat sa om 1200 hinne boud wêze. De tsjerke wie oan Marije wijd. Fan dy romaanske Marijetsjerke is, útsein in diel fan de eastmuorre fan de toer, neat oerbleaun. Yn 1808 besletten de tsjerkfâden dat der in nije tsjerke komme moast. Dy is neffens de moade fan dy tiid yn empirestyl boud. Ek oan de toer is it nedige feroare.

Yn de toer hingje twa liedklokken, in sylinderfoarmige út 1395 en ien út 1732. De lêste is getten troch Jan Nicolaas Derk út Hoarn. It oerwurk is út 1640 en is by de lêste restauraasje yn 1972 wer oan 'e gong brocht en automatisearre. De tsjerke hat in iken preekstoel út de 17e iuw. It kabinetsoargel is om 1775 hinne, nei't er tocht wurdt, troch J.E. Hageman makke. It is it tredde plak wêr't it oargel stiet. Yn 1929 waard it oernaam fan de Frije Evangelyske Gemeente yn Ljouwert.

De tsjerke mei sealtektoer is eigendom fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken.

Alear stie yn Foudgum de Stinstrastate (ek wol Stenstera State). Yn 1417 wurdt Sybeth Stenstera as bewenner neamd; yn 1511 Sybren Stenstera. Syn dochter troude mei Hero fan Burmania. De Burmania's ferkochten it spul yn 1640 wer. De neikommende bewenners neamden har Stinstra. Nei 1640 wurdt Stinstra, útsein ien kear yn de Tegenwoordige Staat net mear neamd. De kadastrale kaart fan 1830 lit dêr in pleats sjen, mar sûnder namme.

De foarname slachten wurde noch yn it ûnthâld holden troch de Heemstra- en de Jarlasate. No beide pleatsen.

Neffens de muorre-ankers moat de âlde pastorij, boud mei kleastermoppen, út 1723 stamme. De lêste dûmny's wennen yn in nije pastorij.

Tsjin it tsjerkhôf oan stiet 'It Lokaal', de kosterswente en tsjerklik tsjinstgebou. It is noch te sjen dat it boud is as skoalle. No is it in ûnderdiel fan de âlde kosterswente. Eartiids waard dêr útsein skoalle ek kategisaasje jûn troch François Haverschmidt (Ljouwert, 14 febrewaris 1834 - Schiedam 19 jannewaris 1894), ek bekend as Piet Paaltjens, dy't fan 1859-1863 yn de pastorij wenne. Hy kaam oarspronklik fan Ljouwert mar waard letter yn Foudgum beneamd as dûmny. Hy waard bekend om syn ferhalen, fersen en foardrachten. François Haverschmidt wie in depressive man dy't him úteinlik yn Schiedam ferhinge hat mei it gerdinekoarde yn 'e bedstee. Yn 1994 is der by gelegenheid fan syn 100e stjerjier in monumintsje makke troch Hille van der Gang. It monumintsje by de tsjerke stelt in iepensleine bibel en in brutsen hert foar: de twa kanten fan dûmny en dichter.

De Terp, Doekemawei, François Haverschmidtwei, Heemstrawei, Kolkreed, Piet Paaltjenspaad, Pijbemawei.

Copyright