Numydjers

Numydje om 220 f.Kr. hinne 没nder Syffaks en Ga茂a foar de feriening
Numydje yn de westerske 芒lde wr芒ld nei de Twadde Punyske Oarloch

De Numydjers wiene in Berbersk semynomadysk folk fan Numydje yn hjoeddeistich Algerije en in part fan Tuneezje. De Numydjers wiene ien fan de earste Berberske stammen dy't mei de Fenisyske hannelskoloanje Kartago hannelen. Doe't Kartago bloeide, bloeide harren relaasje mei de Numydjers. It Kartaachsk leger br没kte de Numidyske kavalery as hierlingen. De Numydjers beane de b锚ste kwaliteit kavalery oan Hannibal yn de Twadde Punyske Oarloch, mar keazen d锚rnei de kant fan de Romeinske Republyk.

Yn de Punyske oarloggen wie Syffaks de kening fan it grutste Numidyske keninkryk fan de Massesyljers. Yn 213 f.Kr. einige Syffaks syn relaasje mei Kartago. Yn 208 f.Kr. fernijde er de relaasje nei't er Sofonisba, de dochter fan Hasdrubal Gisko boaske.

Yn de Twadde Punyske Oarloch krige Skipio Afrikanus help fan kening Masinissa fan it oare Numidyske keninkryk fan de Massyljers en hja fersloegen Kartago en Syffaks. Nei de kriich ferienige Masinissa it Numidyske keninkryk mei in sterke l芒nbou as gr没nwurk.

Neffens it fredesferdrach tusken Rome en Kartago nei de Twadde Punyske Oarloch mocht Kartago gjin kriich begjinne s没nder tastimming fan Rome. Masinissa makke misbr没k fan dat ferdrach troch Kartaachsk l芒n yn te nimmen. Hy betocht ferskate meneuvels om l芒n te bemachtigjen, sa as it beskuldigjen fan Kartago dat dy syn float oan it opbouwen wie itjinge tsjin de 么fspraken wie. Kartago gie der tsjin yn berop en Kato de Aldere kaam mei in kommisje om te bemiddeljen. Kartago betroude de Romeinske kommisje net om't eardere Romeinske besluten min 煤tpakten foar Kartago en de Kartagers fersmieten harren besl煤t. Kato, dy't as legion锚r yn de Twadde Punyske Oarloch fochten hie, wie troch it wegerjen fan Kartago oertsj没ge dat der in Tredde Punyske Oarloch nedich wie. Hy joech in taspraak oan de Romeinske Senaat dy't einige mei de wurden Ceterum censeo Carthaginem esse delendam (Boppedat, ried ik oan dat Kartago ferneatige wurde moat).

In kloft Kartaachske senatoaren wiene foar in fredesferdrach mei de Numydjers, mar dy groep wie lykwols yn de minderheid, om't Kartago net tajaan woe oan in folk dy't se eartiids dominearren. Dy senatoaren waarden d锚rnei ferballe en hja giene d锚rnei nei Masinissa foar help. Masinissa stjoerde in leger om de Kartaachske st锚d Oroskopa te belegerjen, mar dy waard troch in Kartaachsk leger 没nder lieding fan Hasdrubal ferdreaun. Twa fan Masinissa syn soannen waarden finzennommen. Dat wie de reden foar Rome en fal Kartago oan. Yn 149 f.Kr. ferstoar Masinissa. Misipsa waard de twadde kening fan Numydje.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch 没nder: References, op dizze side.

Copyright