Transkripsje (taalkunde)

Transkripsje (fan it Fr芒nske transcription) is yn de taalkunde it sa klanksekuer mooglik werjaan fan in skreaune tekst of in sprutsen taalutering. In yn de wittenskip gauris br没kt transkripsjesysteem foar de sprektaal is it International Phonetic Alphabet (IPA) en it ASCII-ekwavilint SAMPA. By muzyk ymplisearret transkripsje it arrangearjen fan in stik foar in oar ynstrumint.[1]

In transkripsje wurdt ek tapast by gearkomsten, ferhoaren en diktearre brieven. Oan de h芒n fan de opnames wurdt efter么f in ferslach makke. D锚rby 没nderskiede jo in transkripsje dy鈥檛 wurdlik is en in transkripsje dy鈥檛 letterlik is. As it ferslach wurdlik is, wurdt datjinge wat bepraat is werj没n yn goede sinnen. By in letterlik ferslach wurdt alles opskreaun, krekt sa鈥檛 it 煤tsprutsen is.

Transkripsjes wurde ek br没kt foar kwalitatyf 没ndersyk. In 没ndersiker foeget 鈥渢ime stamps鈥 oan de transkripsje ta en kin op dy wize mei help fan Qualitative Data Analysis-software (QDA) syn gegevens flotter en better ferwurkje. Time stamps kinne in link hawwe dy鈥檛 derfoar soarget dat de l锚zer op it winske stuit it korrespondearjende l没dsfragmint of it korrespondearjende fideobyld oproppe kin. Sa kin krekt 么fharke wurde hoe鈥檛 wat sein is: wie de sprekker noartsk, lilk, wifele er? Dat kin och sa wichtich w锚ze as it giet om ferhoaren of rjochtssaken.

Transkripsje fan taal is sawol in helpmiddel by taal没nderwiis as by de wittenskiplike st煤dzje fan taal. Yn beide gefallen hat de transkripsje as doel de br没ker yn steat te stellen de 煤tspraak fan wurden in sinnen fan in taal of in spesifike taalutering goed te reprodusearjen.

It transkribearjen fan in gebeartetaal wurdt SignWriting neamd.

By transliteraasje is it doel om it skrift fan in taal sa krekt mooglik oer te setten yn in oar type skrift, w锚rby鈥檛 der nei stribbe wurdt in letter nei letter sekuere omsetting te krijen.[1] Transkripsje belanget yn taalkundige sin gewoanwei of in fonetyske transkripsje of in fonologyske transkripsje oan. In fonetyske transkripsje is de werjefte fan taaluterings yn in fonetysk skrift lykas bygelyks it Ynternasjonaal Fonetysk Alfabet, w锚rby鈥檛 sawol fonemen as allofoanen 没nderskieden wurde. In fonetyske transkripsje wurdt yn wittenskiplike publikaasjes gauris tusken rjochte heakken set. In fonologyske transkripsje 没nderskiedt allinnich fonemen en is om dy reden sa sekuer net. Foar it 没nderskied wurdt dy transkripsje gauris tusken skeane streken set.[2] As de taal dy鈥檛 werj没n wurdt in eigen fonologysk alfabet hat, kin in fonologyske transkripsje (fan de sprutsen taal) oerlaapje mei de transliteraasje fan de skriuwtaal.

Wurden fan bygelyks it Sineesk kenne ferskate transkripsjes; sa is Peking yn it hanyu pinyin Beijing en yn it Wade-Gilessysteem Pei-ching.

  • Koenen, M.J. & J.B. Drewes (red.), Wolters鈥 Woordenboek Eigentijds Nederlands Grote Koenen. Grins: Wolters-Noordhoff, 1986. ISBN 90-01-96820-1
  • Kost, Heleen (red.), Prisma van de taal: 2000 taalkundige begrippen van A tot Z verklaard. Utert: Het Spectrum, 1990. ISBN 90-274-1939-6
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Koenen & Drewes, 1986, p. 1307-1308.
  2. Kost, 1990, p. 76.

Copyright